Frou ferwûne by scooterûngelok

10 apr 2014 - 09:52

In 44-jierrige frou fan It Hearrenfean is woansdeitejûn ferwûne rekke doe't se op har scooter yn botsing kaam mei in 50-jierrige automobilist út itselde wenplak. De frou ried oer de Ds. Kingwei en krige op de krusing mei de Roerdompleane gjin foarrang fan de autobestjoerder. De frou gong ûnderút en rekke dêrby ferwûne oan har knibbel. Se is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)