Aris pakt winst yn Wijchen

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha woansdeitejûn mei 78-76 wûn fan Matrixx Magixx Wijchen. Yn it Gelderske Wijchen kamen de Ljouwerters goed út de startblokken. Nei it earste kwart stie der in 24-21 foarsprong op it boerd. By rêst hie Wijchen de stân omdraaid en wie de rêststân fan 40-39 yn it foardiel fan de thúsploech.
Yn de tredde helte holden de beide ploegen inoar lang yn lykwicht: 60-60. Yn it lêste kwart wie it úteinlik de ploech fan trainer Tom Simpson dy't oan it langste ein luts en de punten meinaam nei Ljouwert.
Darius Theus wie mei 25 punten de tûkste Aris-spiler. Nathan Healy tekene foar 21 punten.