Mear greide foar de bijen

09 apr 2014 - 17:05

De Fryske Miljeu Federaasje en de Nederlandse Bijeferiening sette foars yn op mear greiden mei in soad blommen om dêrmei bijen en oare ynsekten te helpen. It earste proefprojekt set freed yn Berltsum útein mei de help fan de gemeente Menameradiel. It idee is om lân dat ornearre is foar bedriuwsterrein of wenten hjirfoar te brûken.

Neffens de inisjatyfnimmers leit der wol 1500 bunder oan sokke terreinen dêr't de kommende tiid neat mei dien wurdt. Bijen en oare ynsekten kinne wol wat help brûke want it oantal en it ferskaat rint hurd werom.

Trefwurden: 
bijen greide
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)