FNP fan opposysje nei bestjoer

09 apr 2014 - 16:45
  • FNP

De FNP is hieltiid mear in bestjoerderspartij oan it wurden yn plak fan in opposysjepartij. Dat seit partijfoarsitter Ultsje Hosper fan Oerterp. De FNP wie ien fan de winners fan de gemeenteriedsferkiezings fan maart en komt, sa't it no stiet, yn alle gefallen yn sân Fryske gemeenten yn it nije kolleezje fan b. en w. It giet om ûnder oare de gemeenten Súdwest-Fryslân, Kollumerlân, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Ferwerderadiel en Dongeradiel.

Mar der wiene ek in pear ôffallers, lykas yn Frjentsjerteradiel en Menameradiel.

Dêr wiene se wol de grutste partij, mar komme se net yn it nije kolleezje. Neffens Ultsje Hosper komt dat foaral omdat de FNP hiel kritysk is oer gemeentlike weryndieling.

Ut ús ynventerisaasje fan de koälysje-ûnderhannelings docht fierder bliken dat CDA en PvdA yn in soad Fryske kolleezjes weromkomme. De VVD ferliest frijwat wethâldersposten, ûnder oare yn Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. Fierder bestiet de kâns dat de SP foar it earst yn it bestjoer fan in Fryske gemeente komt. Dat is yn Smellingerlân, mar de ûnderhannelings dêr binne noch lang net ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)