300 hurdriders op de bon

Op ferskate plakken yn Fryslân binne tiisdei snelheidskontrôles hâlden. Dêrby waarden goed 2300 bestjoerders kontrolearre, hast 300 fan har rieden te hurd. De kontrôles waarden útfierd mei help fan in lasergun, fideo-auto en radar. Neist boetes foar te hurd riden, waarden ek hast 20 boetes útdield foar oare saken, lykas it net-handsfree beljen.
Yn Drachten waard tiisdei ek op snelheid kontroleard. Op de Postleane gie it om 1500 bestjoerdêrs, dêr't 190 te hurd fan rieden, yn de Gauke Boelensstrjitte wiene dat 122 fan de 1600.