Grêven iepene op It Amelân

09 apr 2014 - 14:21
  • Grêven iepene op It Amelân

Op it begraafplak Bramenduinerpad yn Nes op It Amelân wurde woansdei fjouwer grêven iepenmakke. It giet om grêven mei dêryn de resten fan ûnbekende persoanen. Undersikers fan de plysje nimme materiaal mei dêr't in DNA-profyl fan makke wurdt. It DNA-profyl komt yn in databank foar fermiste persoanen. Op dy wize hopet de plysje safolle mooglik ûnbekende deaden in namme jaan te kinnen.

Tiisdei waard noch bekend dat de skonk dy't yn 1987 op Skylge oanspield wie, fan in man út Den Haach wie.

Fan 2010 ôf is it ferplicht om fan elke ûnbekende deade DNA ôf te nimmen. De plysje is no dwaande om ek de deaden fan foar 2010 yn kaart te bringen. Al it DNA komt yn in database foar fermiste persoanen. As der yn Nederlân gjin match is dan wurdt it profyl ek oanbean oan oare lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)