Fragen wetterpeil Lauwersmar

09 apr 2014 - 14:03

It plan om it wetterpeil fan de Lauwersmar yn de betide maaitiid mei 40 sintimeter te ferheegjen, ropt in soad fragen op. Dat waard tiisdei dúdlik op in gearkomste oer de Lauwersmar. De Stuurgroep Natura 2000 Lauwersmeer wol it wetterpeil ferheegje, omdat it goed is foar de fûgels yn it gebiet. In heger wetterpeil soarget nammentlik foar better slyk en reid en dêr komme de fûgels op ôf.

Oer mooglike gefolgen foar de wetterrekreaasje hâldt de stjoergroep goed kontakt mei de belutsenen. It ferheegjen fan it wetterpeil is earst in proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)