Jacobi en Monasch stypje Cohen

17 feb 2012 - 12:18

De Fryske Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch fan 'e PvdA steane achter partijleider Job Cohen. Cohen leit ûnder fjoer troch in útlekte mail fan Twadde keamerlid Frans Timmermans.

De âld-steatssiktaris steurde him oan útlittings fan Cohen dat de PvdA deselde útgongspunten ha soe as de SP. Yn in fraksjegearkomste fan de PvdA binne de rigen tongersdei wer sletten. Lutz Jacobi wie dêr net by, omdat se yn de keamer debattearje moast. Jacobi is min te sprekken oer de reboelje by de PvdA.

Jacques Monasch wie tongersdei wol by it fraksjeberied fan 'e PvdA yn Den Haach. Monasch is it ynhâldlik iens mei de krityk op Cohen, mar Timmermans hie dat net oer de mail dwaan moatten, fynt Monasch. It bestjoer fan de PvdA yn Fryslân stipet sawol de partijkoers as de posysje fan lieder Cohen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)