Alle ferkear wer oer Aldskou

De skansearre brêge fan Aldskou kin toch brûkt wurde troch it swiere frachtferkear. Tiisdei melde Rykswettersteat dat de brêge nei de oanfarring fan moandei troch in binnenfeartskip sa'n soad skea hie dat frachtauto's der net mear oerhinne mochten. Ut testen waard dúdlik dat it wat tafoel.
Ferkearsljochten op de brêge regelje wol dat ferkear om-en-om oer de brêge rydt. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend, dêr docht de KLPD noch ûndersyk nei.