Stilte by KNSB oer Icedôme

09 apr 2014 - 12:16

De iisstadions Thialf op It Hearrenfean en TranSportium yn Zoetermeer binne teloarsteld yn de KNSB en it NOC*NSF. In wike lyn ferlienden de organisaasjes de plannemakkers foar it nije iisstadion Icedôme yn Almere útstel foar it ynleverjen fan de finansjele ûnderbouwing fan it plan. Dy hie yn earste ynstânsje op 1 april ynlevere wurde moatten.

Sûnt it ferlienen fan it útstel ha Thialf en TranSportium neat mear fan de KNSB en it NOC*NSF heard. Dêrfoar wie der in nauwe gearwurking mei de sportorganisaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)