'Kwaliteit door iedereen'

08 apr 2014 - 20:16
  • Dielnimmer Richard van Elteren

Minsken mei in beheining helpe om oan it wurk te kommen. Der bin hiel wat organisaasjes dy't dat as doel ha. De stichting Kwaliteit door Iedereen, dy't yn Wolvegea yn de eardere lânbouskoalle sit, docht it op syn eigen wize. By de help en begelieding wurde dêr safolle mooglik minsken ynset dy't sels ûnderfining mei dit probleem ha. Wa't sels leard hat om te gean mei syn beheining, kin dat ek better op oare dielnimmers oerbringe, sa is de gedachte.

Dy waard nochris útdroegen op in iepen dei dy't tiisdei yn Wolvegea hâlden waard.

Mear ynformaasje kinne jo fine op www.kwaliteitdooriedereen.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)