Subsydzje tsjin ljochtútstjit

Lisboksstâl
De provinsje stelt hûnderttûzen euro beskikber om de ljochtútstjit op it plattelân te ferminderjen. Benammen kassen en melkfeebedriuwen striele in soad ljocht út wêrtroch it plattelân jûns ferljochte is. Ferskate ynwenners fan it lanlik gebiet ûnderfine hjir hinder fan. Ljochthinder kin faak ienfâldich oanpakt wurde troch jûns bygelyks de ljochten yn de stâl út te dwaan of troch de lampen dy't nei bûten ta skine ôf te skermjen.
In proef hjirmei yn de gemeente Tytsjerksteradiel wie suksesfol. Mei it beskikber stellen fan subsydzjejild hopet de provinsje dat ek boeren yn oare gemeenten maatregels nimme tsjin de útstjit fan ljocht.