Doek falt foar Mercurius

08 apr 2014 - 17:45

De lokale omrop LEO wurdt de nije lokale omrop yn Ljouwert. It kommissariaat fan de media jout de stjoermachtiging oan dizze omrop. Dit betsjut de ein fan lokale omrop Mercurius. De frijwilligers binne troch foarsitter Jouwert Gros op de hichte brocht fan it nijs. 'Ik ben diep teleurgesteld, wat we ook met zijn allen doen, het wordt ons blijkbaar niet gegund', binne syn wurden. Earder keas de gemeenteried fan Ljouwert al foar LEO. Dat advys is ek jûn oan it kommissariaat fan de media.

LEO, Stichting Omroeporganisatie Leeuwarden En Omstreken, seit yn in reaksje bliid te wêzen mei de útspraak fan it kommissariaat. It sjocht de tawizing as in befêstiging fan syn plannen en ambysjes. Neidat it kommissariaat syn beslút taljochte hat, kin LEO in útstjoerfergunning oanfreegje. Sadree't dy ferliend is, sil it noch inkele wiken duorje foardat de omrop yn de gemeente Ljouwert te hearren falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)