Soad drokte troch XP apokalips

XP Apocalips. Sa wurdt it wol neamd: de ein fan de stipe fan software-fabrikant Microsoft oan it bestjoeringssysteem Windows XP. Fan tiisdei ôf binne dêr gjin befeiligingsupdates mear foar te krijen en dat soe ta firussen en oare problemen liede kinne. Kompjûtersaken hawwe it der tige drok mei. Of soe it allegearre in ferkeaptrúk wêze?
Windows XP is no tolve jier âld. It kostet produsint Microsoft tefolle tiid en minsken om foar sa'n âld systeem updates en stipe oan te bieden. Dy enerzjy stekke se leaver yn it stypjen fan har nije systemen.
Kompjûtersaken krigen tiisdei in soad fragen oer bygelyks de feiligens fan it brûken fan XP en ynternetbankiere.