Heit & Membeurs wurdt 'Gezin'

08 apr 2014 - 15:22

Ut de Fryske mienskip komme fûle reaksjes op de feroaring fan de namme Heit & Membeurs. De beurs fan Afûk en WTC-Expo giet nei ien jier fierder as Gezin-beurs. Neffens kommersjeel direkteur Marco ten Hoor fan WTC Expo yn Ljouwert, hat de feroaring fan 'e namme te krijen mei it 'breder lûken fan de beurs.'

Op social media binne de reaksjes kritysk. Publisist Abe de Vries skriuwt op Facebook: 'Soks kin dochs hielendal net.' Projektlieder Fokke Jagersma fan de Afûk seit dat hy mei de nije namme 'mear minsken by it Frysk belûke wol'.

Op de earste edysje fan 'Gezin' komt yn alle gefallen in 'Heit & Memplein' mei in soad omtinken foar it Frysk en it meartalich grutbringen fan bern, sa lit Jagersma wite. Foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging fynt de nammeferoaring 'gjin goeie saak'. 'It Frysk is mar in bytsje sichtber yn Fryslân, dan is sa'n nammeferoaring net goed. Je soene ek foar in twatalige namme kieze kinne.' Neffens Marco ten Hoor kamen op de earste edysje fan 'Heit & Mem eins allinnich mar Frysktalige minsken en bedriuwen. Troch de Fryske namme tochten potinsjele eksposanten dat Frysk praten ferplicht is op de beurs. Neffens Ten Hoor hat ûndersyk oantoand dat je mei in 'bredere namme' mear bedriuwen en publyk lûke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)