Vd Lugt betocht yn stille wike

De moard op pater Frans van der Lugt yn it Syryske Homs komt yn de Fryske roomske mienskip hurd oan. De Nederlânske pater, dy't al 50 jier yn Homs wenne, waard troch wapene mannen meinaam, slein en troch de holle sketten. Pater Van der Lugt waard wrâldferneamd troch in filmke mei in emosjonele oprop oan de wrâld om help.
Mei dizze 'wake-up-call' woe hy omtinken freegje foar de drege sitewaasje yn it lân. Pastoor Paul Verheijen fan de roomske parochy yn Dokkum neamt pater Frans van der Lugt in 'hillige fan dizze tiid'.
Mei oare martelaren sil ek Van der Lugt betocht wurde yn de stille wike, foarôfgeand oan Peaske.