Nij ljocht moardsaak Tsjûkemar

08 apr 2014 - 12:40

De 18-jierrige man dy't fertocht wurdt by belutsenheid by de moard op Omar Kourrich, dy't by de Tsjûkemar fûn waard, is ferline wike opnij oanhâlden fanwege de belêstende ferklearring fan in oare fertochte. Dat ha boarnen by it ûndersyk tiisdei tsjin it ANP sein. It Iepenbier Ministearje hat mei-inoar fjouwer fertochten foar dizze moard yn byld.

It ferbaarnde omskot fan Kourrich waard de ôfrûne simmer by de Tsjûkemar fûn. De nije ferklearring is ôfkomstich fan de fertochte dy't ferline wike troch Denemarken oan Nederlân útlevere waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)