Heavenly Outdoor is skrast

17 feb 2012 - 11:09

Dûnsfeest heavenly Outdoor op It Hearrenfean giet dit jier net troch. Der is gjin gaadlike lokaasje te finen foar it evenemint. It soe neffens de ôfspraken op in terrein flak bûten it sintrum hâlden wurde, mar op dy dei wurdt mooglik ek in wedstriid fan SC Hearrenfean spile. En dan soe dat terrein brûkt wurde as parkearplak.

It is net wis oft It Hearrenfean dan spylje moat, it soe gean om in play-off wedstriid. Mar yn ferbân mei de tariedings fan it dancefeest moast wol in beslút naam wurde.

De gemeente en de organisaasje fan Heavenly Outdoor hawwe yn goed oerlis besletten it evenemint dan mar oergean te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)