Molkpriis stiet ûnder druk

08 apr 2014 - 12:26

De priis fan molke stiet foar it earst sûnt lange tiid ûnder druk. De lêste twa jier gie de priis eins allinnich mar omheech. Ferskate suvelkoöperaasjes, wêrûnder FrieslandCampina, ferleegje de priis dizze moanne. De priisferleging hat te krijen mei it tanimmende oanbod fan molke op de wrâldmerk, wêrtroch mear lykwicht ûntstiet tusken fraach en oanbod, seit foarsitter Dirk-Jan Schoonman fan 'e Nederlandse Melkveehouders Vakbond.

De lêste jierren wie de fraach heger as it oanbod. Schoonman hopet dat de merk no in lykwicht fynt.

Oars kinne de prizen de kommende tiid noch wolris in stik fierder sakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)