Koartingsaksje gemaal & museum

Woudagemaal
It Woudagemaal op De Lemmer en it Fries Museum yn Ljouwert stunte mei in museumaksje. Minsken dy't in tagongsbewiis fan it Fries Museum - net âlder as twa moannen - sjen litte, kinne mei 20 prosint koarting it stoomgemaal besjen. De aksje jildt ek oarsom.
De aksje is opset omdat de ekposysjes fan de twa musea inoar oanfolje. Sa is der yn it Fries Museum in ekposysje oer 'De Dyk' te sjen. Dy giet oer de skiednis fan twatûzen jier striid tsjin wetter. De aksje is net jildich yn kombinaasje mei oare koartings.