'Einekroas is goed te iten'

08 apr 2014 - 11:58
  • De einekroasfiver fan proefbuorkerij Nij Bosma Zathe
  • Salade mei einekroas

It griene guod yn de sleatten dat einen opite, kin goed brûkt wurde om de groeiende wrâldbefolking oan genôch iten te helpen. Dat seit dokter Hans Derksen fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Einekroas wurdt no al kweekt om kij fretten te jaan.

Neffens de saakkundigen op in sympoasium fan tiisdei sil it dêr net by bliuwe, want ek minsken kinne profitearje fan dit iten fan de takomst. Yn it kroas sit in soad aaiwyt en dat kinne je bygelyks goed brûke om fleisferfangers fan te meitsjen. It kroas kin ek as griente iten wurde.

Promovendus Cees Gauw hat sels in resepteboekje mei einekroasresepten makke. Hy seit dat it goed te iten is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)