Baron bêste skuonmakker

08 apr 2014 - 11:43

Skuonmakker Baron yn Drachten is de bêste skuonmakker fan it lân. Dat makke de Nederlandsche Schoenmakers Vereniging moandei bekend yn Gorinchem. Baron die foar de earste kear mei en wûn fuortendaliks de haadpriis. In faksjuery hat de fiif nominearren beoardiele, ûnder oare troch yn de skuonmakkerij te sjen.

Baron kaam dêrby it bêste út 'e striid. De skuonmakker mei him no in jier lang de bêste skuonmakker fan Nederlân neame. It bedriuw sit al sûnt 1962 yn it sintrum fan Drachten.

Trefwurden: 
Baron skuonmakker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)