Blog: EK Iepen Wetter Swimmen foar G-sporters

08 apr 2014 - 11:19

Tagelyk mei de Special Olympics Nationale Spelen wurdt heal juny ek it EK Iepen Wetter Swimmen foar G-sporters organisearre. Op snein 15 juny dûke dielnimmers út ûnder oaren Letlân, Oekraïne, Ingelân, Italië, Israël en Nederlân de Snitsermar yn foar in ôfstân fan 1500 meter.
Se drage spesjale swim-wetsuits omdat de measte dielnimmers de lege temperatueren fan de Snitsermar net wend binne. De organisaasje fan it EK is ek yn hânnen fan de Special Olympics Nationale Spelen 2014.
It EK is in testevenemint foar de Word Games foar G-sporters it oare jier yn Los Angeles. Yn Athene stie trije jier lyn it ûnderdiel Iepen Wetter Swimmen noch op it programma as demonstraasjesport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)