Natoerpetysje Rêd de Bûtenrit

Fertsjintwurdigers fan de hynstesport en de wettersport meitsje harren soargen oer de besunigings op natuerbehear. Steatsboskbehear krijt sûnt dit jier miljoenen euro's minder út Den Haach.
Sportorganisaasjes binne bang dat se tenei betelje moatte om noch langer gebrûk meitsje te kinnen fan de fasiliteiten yn bosken of op it wetter.
Se biede tiisdeitemiddei de petysje 'Red de Buitenrit'. oan yn de Twadde Keamer. Yn de petysje dogge se in berop op de polityk om de natuer iepen te hâlden foar ruters, wettersporters en mountainbikers.