Filmmakker De Jong siket jild

08 apr 2014 - 07:56
  • Steven de Jong

Filmmakker Steven de Jong siket foar syn nije film Stuk! noch finansjele stipe yn de foarm fan crowdfunding. De Jong hat noch likernôch 50.000 euro nedich.
Crowdfunding, mienskipsstipe, is in alternative wize fan finansearing troch jild te freegjen fan partikulieren en ûndernimmers. Faak stean der foardielen foar de stiper tsjinoer.

De film moat noch ôfmontearre wurde foardat er op it wite doek toand wurde kin. Neffens Steven de Jong komt dizze foarm fan finansjele stipe hyltiten faker foar.

Minsken kinne in donaasje dwaan op Cinecrowd of op Voor de kunst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)