Wylde baarch by De Himrik

17 feb 2012 - 10:52

Meiwurkers fan Steatsboskbehear ha by it Himriker Skar by De Himrik in wylde baarch sjoen by it Alddjip. Neffens boskwachter Roel Vriesema giet it om in grut bist. Mar it is noch net dúdik of it om in mantsje of in wyfke giet, want it bist stode wol hiel hurd in boskje út.

Der ha earder wol meldings west út de omkriten fan Appelskea. De lêste jierren binne der mear berjochten dat de wylde bargen harren ek bûten de Veluwe ferspriede. Offisjeel hearre de 'wilde zwijnen' net yn Fryslân.

De kâns is dêrom ek grut dat jagers frege wurdt it bist op te romjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)