Oanfarring by brêge Aldskou

07 apr 2014 - 22:33
  • De brêge flak nei de oanfarring

Op it Prinses Magrietkanaal is moandeitejûn in skip tsjin de brêge by Aldskou oanfearn. Om in oere of acht hinne botste it skip om noch ûnbekende oarsaak tsjin de brêge oan. By de oanfarring ûntstie skea oan it remmingswurk fan de brêge. It skip koe selsstannich nei de kant komme.

De skipfeart hat fierder gjin hinder hân fan it ûngelok. De KLPD hat moandeitejûn ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok. Dûkers sille tiisdei sjen oft der ek skea ûnder wetter is.

De Fryske wetterplysje meldt op Twitter dat it skip tiisdeitemoarn op eigen krêft troch de brêge-iepening fard is en syn reis ferfolge hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)