Asperzjeseizoen smaaklik begûn

07 apr 2014 - 19:02

Mei in 'kulinêre asperzjeparade' is it asperzjeseizoen yn Noard-Nederlân úteinset. Yn in kas fan kwekerij fan Empatec yn Wier kamen tongersdei hûnderten hoareka-ûndernimmers byinoar. Ferneamde topkoks, wêrûnder Peter Zijlstra fan 't Gerecht op It Hearrenfean, traktearren besikers op in ferskaat oan asperzjegerjochten.

It evenemint is opset troch Smeding Griente en Fruit fan Sint Anne en gruthannel Smeding. Doel is om klanten en potinsjele relaasjes yn de kunde komme te litten mei leveransiers en telers fan asperzjes.

Trefwurden: 
Empatec Wier asperzjeseizoen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)