Mear omtinken foar kustfiskjen

07 apr 2014 - 17:39

It Fryske kustfiskerijbedriuw TS31 Internos wol dat der mear jonge fiskers komme dy't tradisjoneel kustfiskje kinne. Dêrom binne se yn gearwurking mei Stifting Waddengroep útein set mei it projekt 'Fakmanskip yn 'e kustfiskerij'. De ôfrûne jierren is der te min oanwaaks fan jonge fiskers, dy't kieze foar de tradisjonele wize fan fiskje.

Doel fan it projekt is takom skoaljier skoalbern entûsjast te meitsjen. De tradisjonele kustfiskerij wurdt útoefene mei âlde techniken lykas netten spanne yn ûndjip wetter om seebears en iel te fangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)