Mear katte-ûndersyk nedich

17 feb 2012 - 07:31

It is net mei sekerheid te sizzen dat ferwyldere katten op Skiermûntseach in soad fûgels opite. Dêr is mear ûndersyk foar nedich. Fûgelbeskermingsorganisaasjes tinke dat de katten de fûgelpopulaasje op it eilân grutte skea tabringe. Dêrom kaam der in ûndersyk, oan de hân fan de keutels fan de katten.

Ut it ûndersyk docht bliken dat de katten foaral hazzen en lytse fûgels ite. Undersiker Op de Hoek fan de universiteit fynt dat der better útsocht wurde moat om hokker lytse fûgels it giet. Mooglik binne it fûgels dy't faak op de grûn sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)