Tal ynbraken ferdûbele

16 feb 2012 - 17:15

It tal ynbraken yn de gemeente Súdwest-Fryslân is yn in jier tiid sawat ferdûbele. Plysje, gemeente en wenningstichtingen hâlde no in aksje om minsken tips te jaan dat foar te kommen.

Yn hiel Fryslân nimt it tal ynbraken ta. It projekt Tegenhouden moat dy trend opkeare. Der hat al in aksje west yn Grou. Dy yn Súdwest-Fryslân is tongersdei úteinset. Fyftich meiwurkers fan plysje, gemeente en wenningstichtingen sille yn Drylts en Snits minsken warskôgje. Letter sil dat ek yn Lemsterlân en Skarsterlân dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)