'Meldpunt Poalen min idee'

16 feb 2012 - 16:00

It mearderheid fan de Friezen fynt it meldpunt fan de PVV foar oerlêst troch Poalen gjin goed idee. Dat docht bliken út in enkête fan it programma Een Vandaag en Omrop Fryslân. Hast 800 Friezen hawwe oan dy enkête meidien. In mearderheid fynt ek dat premier Rutte ôfstân fan it inisjatyf nimme moat.

De sifers yn Fryslân wike net in soad ôf fan it trochsneedbyld yn hiel Nederlân. Yn Flevolân binne de measte tsjinstanners fan it meldpunt, yn Súd-Hollân en Seelân de measte foarstanners.

In mearderheid fan de Friezen tinkt dat it ynstellen fan it meldpunt skealik is foar it imago fan Nederlân. Wol fynt in grut diel fan de Friezen it goede saak dat der omtinken foar it probleem is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)