IIswille min foar Boot Holland

16 feb 2012 - 14:36

De 22ste edysje fan de beurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert hat folle minder besikers lutsen as ferline jier. Doe kamen der 45.000 minsken, no goed 32.000. Neffens de organisaasje komt dat troch it winterwaar fan ferline wike. Minsken sochten manmachtich it iis op om te reedriden.

De eksposanten binne nettsjinsteande de legere besikerstallen wol tefreden. Neffens harren sizze oantallen neat, mar giet it derom oft minsken serieuze plannen hawwe om wat te keapjen. Dy wiene der genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)