Ybema wichtich foar Fryslân

16 feb 2012 - 12:48

Ald-steatssiktaris Gerrit Ybema fan Twellingea hat fan grut belang west foar de ekonomyske ûntwikkeling fan Fryslân. De politikus Ybema, dy't woansdei ferstoar yn 'e âldens fan 66 jier, hie altyd each foar de belangen fan Fryslân.

Sa mocht hy it Langmanakkoart foar regionaal ekonomysk belied útfiere yn syn tiid as steatssiktaris. Op syn hannelsmisjes besocht hy ek altyd wat klear te krijen foar Fryslân. Ybema wie steatssiktaris fan ekonomyske saken yn kabinet Pears 2 mei fierder ûnder oare Annemarie Jorritsma en Loek Hermans.

Syn partij D66 neamt Ybema yn in reaksje 'in D66'er yn ieren en sinen'. Foar syn partij siet Ybema earst yn de gemeenteried fan Ljouwert. Dêrnei siet hy yn de Twadde Keamer en wie hy steatssiktaris fan ekonomyske saken yn Pears-2. Minsken dy't mei him wurken stelle dat hy 'm altyd bot ynsette foar Fryslân. Gerrit Ybema wie al langere tiid siik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)