Schmidt yn plak foar Janmaat
Hearrenfeanspiler Doke Schmidt ferfangt freed Daryl Janmaat foar de wedstriid tsjin NAC Breda. Janmaat rekke yn de wedstriid tsjin RKC blessearre oan de knibbel. Doe kaam Schmidt ek al foar Janmaat yn it fjild.
Fierders spilet Hearrenfean mei deselde opstelling. Oussama Assaidi en Ramon Zomer sitte noch net by de seleksje, mar traine beide al wol wer mei.