Haadfertochte jout fatale stek

16 feb 2012 - 12:12

De haadfertochte yn de saak-Ooms is de iennige dy't ferantwurdlik is foar de dea fan Marinus Ooms. Dat seit advokaat Theo Hiddema fan ien fan de oare fertochten, de man dêr't tolve jier tsjin easke is.

Advokaat Hiddema kaam tongersdeitemoarn oan it wurd op de twadde dei fan it heger berop yn de saak-Ooms, de man dy't yn 2006 om it libben brocht waard yn syn hûs yn Haulerwyk. Der stean trije fertochten foar de rjochter. Tsjin har binne straffen fan 18, 12 en 10 jier easke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)