Ferset tsjin monumintestatus

16 feb 2012 - 11:52

Der is tanimmend ferset yn Gaasterlân-Sleat tsjin de gemeentlike monuminteregeling. In groep eigeners fan monuminten seit dat se mear lest as foardiel hawwe fan 'e oanwizing as gemeentlik monumint. It Komitee beswieren gemeentlike monuminten hat dêrom b. en w. yn in iepen brief frege om de regeling út te stellen oant de fúzje mei Skarsterlân en Lemsterlân yn 2014.

Neffens Durk Weijma fan Aldemardum ha de eigeners mear lest as foardiel fan 'e monumintestatus trochdat se foar eltse feroaring in fergunning oanfreegje moatte.

Eigeners fan monuminten wurde op kosten jage omdat se dêr ek leezjes foar betelje moatte. Eigeners fan huzen dy't gjin monumint binne hoege net sa'n fergunning oan te freegjen. Weijma fynt de subsydzjepot fan 63.000 euro dy't de gemeente beskikber stelle wol foar de 80 oanwiisde monuminten te lyts. De yn it Komitee feriene beswiermakkers hawwe dêrom leaver gjin monuminteregeling as dizze regeling. Neffens it Komitee hawwe sa'n 22 eigeners fan monuminten beswier makke by de gemeente Gaasterlân-Sleat. De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat praat nije wike oer it brief fan de beswiermakkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)