Oplieding 'iten en sûnens'

16 feb 2012 - 11:07

Skoallemienskip Piter Jelles begjint takom jier mei in nije opliedingsrjochting yn it vmbo dêr't iten en sûnens yn sintraal stean. De oplieding bestiet út de ûnderdielen iten, wellness en wolwêzen.

Learlingen krije les yn sport, sûnens en iten. Teorylessen wurde keppele oan de praktyk. Yn it teoretysk part giet it bygelyks oer ferantwurde bewege en iten. Yn de praktyklessen sport en itensiede komt dat ek werom. De oplieding is te folgjen by skoalle YnSicht fan Piter Jelles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)