Minder wurkleazen yn Fryslân

16 feb 2012 - 10:54

De wurkleazens yn Fryslân is ferline jier mei goed trije persint fermindere. Meielkoar sitte yn ús provinsje hast 22.500 minsken sûnder wurk. In jier lyn wiene dat goed 23.000.

Oer hiel Nederlân rekkene is it tal wurkleazen ek minder wurden. Yn jannewaris wie de delgong yn Fryslân hast twa persint, wylst der yn Grinslân en Drinte krekt mear wurkleazen by kamen. Dat is ek it lanlike byld foar jannewaris.

Trefwurden: 
wurkleazens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)