Europeeske fideokompetysje

07 apr 2014 - 15:09
  • Europeeske fideokompetysje

Fryske jongerein wurdt oproppen om mei te dwaan oan in fideokompetysje fan Europeeske minderheidstalen. Dielnimmers moatte in filmke meitsje fan in selsmakke ferske, rap, gedicht of skets, en sa sjen litte hoe moai oft de minderheidstaal is.

De wedstriid is útskreaun yn it ramt fan de Europeeske taalkampanje Language Diversity. Yn hast alle Europeeske lannen wurde lytse talen lykas it Frysk praat. De organisaasje is foarstanner fan meartalichheid en wol lytse talen ûnder jonge sprekkers stimulearje.

Filmkes kinne ynstjoerd wurde oant 28 april. Op 9 maaie wurdt yn Sønderborg yn Denemarken de winner bekend makke. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)