Ynspeksje fergetten gaslieding

In âlde, fergetten gaslieding tusken Drachten en Nyegea is moandeitemoarn ynspektearre. Mei in kamera hat netbehearder Liander de lieding kontrolearre op gefaarlike stoffen en breuken. De lieding kaam by tafal oan it ljocht, krekt nei de fernijing fan 'e Kommisjewei.
De lieding waard yn 1932 oanlein om stedsgas fan Drachten nei Nyegea te krijen. Doe't yn 'e jierren '50 de gasbel by Slochteren fûn waard, wie de stedsgaslieding net mear nedich. De lieding is dêrnei fergetten.
Liander sil de lieding oan de ein fan 'e wike folspuitsje mei purskûm. Se litte him lizze, omdat se de krekt fernijde Kommisjewei der net út hawwe wolle. Dat soe foar tefolle oerlêst soargje.