Smart Factories op Messe

07 apr 2014 - 14:41

Region of Smart Factories lûkt in soad ynteresse op de beurs Hannover Messe yn Dútslân. In groep noardlike bedriuwen presintearret him op de yndustrybeurs ûnder dy namme.

Smart Factories besiket produksjes flaterfrij ferrine te litten mei help fan technyk. Neffens wurdfierder Hans Praat is der yn Fryslân in soad technologyske kennis. Hy stiet op de beurs en syn earste yndruk is goed. Der wurde mear as in heal miljoen besikers op de beurs yn de Dútske stêd Hannover ferwachte.

Minister Henk Kamp komt tiisdei del by Region of Smart Factories op de beurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)