Minder briedende greidefûgels

07 apr 2014 - 14:14

It tal briedende greidefûgels yn natuergebieten sakket. Dat docht bliken út sifers fan Steatsboskbeheer yn Súdwest-Fryslân. It Fryske Gea sjocht deselde delgong yn natuergebieten.

It falt Steatsboskbeheer yn tolve gebieten op dat benammen de ljip en de strânljip it de lêste jierren dreech hawwe. It tal tsjirken rint ek tebek. De skriezen bliuwe wol aardich op peil. It tal natuergebieten is folle lytser as it boerelân. Dêrtroch sitte de measte greidefûgels behoarlik isolearre.

Boerelân is minder geskikt wurden foar greidefûgels. De natuergebieten allinnich kinne dat net opheine. Yn it nije provinsjale greidefûgelbelied wurdt ynset op gruttere, oaniensletten gebieten en dat soe de delgeande tendins opkeare kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)