Jildfraude by RK It Amelân

07 apr 2014 - 11:08

De ponghâlder fan de roomske parochy op It Amelân wurdt fertocht fan it efteroerdrukken fan in grut jildbedrach. It soe gean om in bedrach fan tusken de 35.000 en 40.000 euro.

De ponghâlder is ûntslein. Tsjin him rinne op it stuit twa ûndersiken, ien troch de plysje en ien troch it bisdom sels. De werbou fan de ôfbaarnde Sint Clemenstsjerke komt net yn gefaar troch de fraude. Dat jild stiet op in aparte rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)