'Hâld wynmole-referindum'

Der moat in referindum komme om derachter te kommen wat Friezen fine fan wynmûnen op de Iselmar en op it fêste lân. Dat seit de steatefraksje fan Friese Koers. Dat referindum soe op de dei fan de Europeeske ferkiezings, 22 maaie, hâlden wurde kinne.
Op dy wize komt de polityk der net allinnich achter hoe't Friezen oer dy wynmûnen tinke. It is neffens Friese Koers ek in middel om de opkomst by dy ferkiezings te ferheegjen.