FVC pakt winst yn slotfaze

06 apr 2014 - 16:02

FVC wûn snein op eigen fjild mei 4-1 fan Hoogeveen. De Ljouwerters kamen nei 5 minuten op efterstân, doe't Hoogeveen in frije traap fersulvere. Nei in goed kertier spyljen moasten de gasten út Hoogeveen mei 10 man fierder troch in reade kaart. Op slach fan rêst profitearre Omar Wijnja optimaal fan de man-mear-situaasje en kopte de lykmakker binnen.

Nei rêst moast it publyk lang wachtsje op treffers. Pas yn it lêste kertier wreiden René Hoen en Ruurd Algra de foarsprong fierder út nei 3-1. Mei in lobke sette Hoen de einútslach op it boerd.

De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de winst op 26 punten út 22 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)