100.000e besiker Fries Museum

06 apr 2014 - 15:39

Tûzenen Friezen hawwe dit wykein in besite brocht oan in museum. Omdat it museumwykein wie, wiene tal fan musea fergees of foar folle minder jild iepen. It Fries Museum hie feest. Dêr waard de 100.000e besiker sûnt de iepening fan it nije gebou ûnfongen. It giet om de famylje Werner út Goutum. Sy krigen blommen en ferskate presintsjes.

It Fries Museum luts noch net earder yn sa'n koarte tiid safolle minsken. It âlde museum oan de Turfmerk luts tusken de 50.000 en 55.000 besikers yn it jier, no kamen der yn 7 moanne tiid al 100.000.

Ek op oare plakken yn Fryslân wie it in drokte fan komsa yn 'e musea. Lykas by it Fiskershúske yn Peazens-Moddergat. Hjir waard dit wykein úteinset mei de ferkeap fan sels breide fiskerstruien.

Trefwurden: 
Fries Museum Museumwykein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)