Ferwûne by oanriding Appelskea

06 apr 2014 - 14:41
  • It plak fan it ûngelok by Appelskea

By in oanriding op de N381 by Appelskea is sneintemiddei in man ferwûne rekke. De man, in fuotgonger, waard oanriden troch in auto. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins tabrocht. De dokter waard mei de traumahelikopter nei it plak fan it ûngelok flein.

Dêrom waard de N381 fan Easterwâlde rjochting Beilen tydlik ôfsletten foar al it ferkear. Hoe slim oft it slachtoffer der krekt oan ta is, koe de plysje noch net sizze. Om trije oere hinne is de autodyk wer frijjûn foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)