Witteveen syn lêste 'Matthäus'

Dirigint Harm Witteveen dirigeart dit jier foar it lêst de Matthäus Passion fan Bach. Witteveen hat jierrenlang muzykdosint west foar Pabostudinten en hy fûn dat der mear omtinken komme moast foar kultuer op skoallen. 25 jier lyn is hy dêrom begûn om alle jierren in grut koar gear te stallen fan studinten en dosinten.
Ofrûne sneon hie dit koar in repetysje yn de Waalsketsjerke yn Ljouwert en dat wie ien fan de lêste repetysjes ûnder lieding fan Harm Witteveen.