Romme winst Hearrenfean op PSV

05 apr 2014 - 21:36
  • Bilal Basacikoglu

Sportklup Hearrenfean hat thús mei 3-0 fan PSV wûn. Nei in goed earste healoere fan PSV hie Hearrenfean gelok dat skiedsrjochter Van Liesveld gjin penalty joech nei in handsbal fan Marzo. Dêrnei makke útblinker Bilal Basacikoglu de 1-0.

Nei rêst kaam PSV net mear op it nivo fan it earste healoere. Ynfaller Van La Parra makke yn de 79ste minút de 2-0. Topskoarder Finnbogason skoarde syn 26ste fan it seizoen en brocht de einstân op 3-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)